Monument bij de sluis
De kinderen van 't Kampke hebben het monument bij de sluis geadopteerd.
Als 'adopteerschool' besteedt de klas aandacht aan de (lokale) geschiedenis van de Tweede Wereldoorlog en het verhaal achter het geadopteerde monument. De kinderen maken kennis met de traditie en de rituelen van herdenken. Dit gebeurt door het bijwonen van de herdenking bij het monument op 4 mei, waarbij de kinderen een bloemstuk bij het monument leggen en gedichten voordragen.
Het verhaal achter het bombardement op de sluis in november 1944 is alsvolgt: (opgeschreven door Auke Bijlsma)
It bombardemint op de slûs fan Terherne – 11 novimber 1944.
Op 11 novimber 1944 wie it súden fan Nederlân befrijd en fanôf it fleanfjild Eindhoven stiigden dy moarn 7 Hawker “Typhoon” jachtbommewerpers en nochris 8 Typhoons op mei ûnder elke fleugel in bom fan 454 kilo. Sy waarden begelaat troch 4 fleantúgen foar beskerming en 4 giene har foarút foar ferkenning. It doel wie it bombardearjen fan de Terhernster slûs. Yn golven waard de slûs bombardearre fanút it Noarden, fanôf in oere as 10. De bommen foelen op en njonken de slûs, mar ek fierder ôf en yn it wetter fan De Hoarne.
De slûs wie yn Fryslân in wichtige trochgong en skeakel yn it ferfier fan de Dútsers, fan û.o. wapens, fan east nei west. As de slûs platsmiten wie dan hie dat in wichtige blokkade west. Mar it slagge net! Allinnich de Noardlike trochgong lei plat. De Súdlike wie noch goed befarber.
Slimmer wiene de gefolgen foar de minsken, dy’t op de slûs wennen. Wiemer Hoekstra, 1e slûswachter, wie mei in Dútske soldaat, dy’t op de slûs legere wie, yn de kelder fan syn hûs krûpt. Dy kelder wie goed sterk en ridlik bombestendich. Mar Tietsje, syn frou, wie nei de souder flechte en kaam om doe’t in bom it hûs fol rekke en feroare yn in ruïne. Harren beide soannen, Hattum en Siebren, wiene op dat stuit net thús.
Andries Hoekstra, 2e slûswachter, wie mei syn beide soannen Ane en Jaap nei syn heit en pake, dy’t buorke op it pleatsje oan de Marsdyk (no van Bentum). Sy hellen molke en wiene krekt op de weromreis, doe’t de bommen foelen. Syn frou Anskje hie mei de 1-jierige dochter Jantsje dekking socht yn de kelder, mar der wie gjin rêden oan. It hûs foel as in kaartehûs yn elkoar en Anskje en Jantsje kamen derby om.
Yn elk gefal ien Dútske soldaat kaam ek by it bombardemint om. Neffens it ferhaal siet hy op it húske, doe’t dat troch in bom rekke waard. Ynearsten is hy begroeven op it algemiene begraafplak yn Ljouwert mar nei de Wrâldkriich oerbrocht nei in begraafplak foar Dútske soldaten.
Ien fan de fleaners wie John Gordon Fraser, in Kanadees. Hy fleach as twadde yn de formaasje en siet te leech, doe’t syn foargonger de bommen falle liet. In skerf fan dizze bommen helle syn brânstoftank iepen en hy moast in needlanding meitsje by Follegea. Hy waard dêr opfongen troch it ferset en dûkte ûnder, û.o. yn de molkfabryk yn Akmaryp. Oan de ein fan de oarloch waard hy befrijd.
Oant 1950 hat de slûs tsjinst dien mei in iepen Súdlike ferbining. Doe waard de nije slûs iepene en waard it âlde slûsterrein ynrjochte as natoerterrein. De Noardlike trochgong waard egalisearre en oer de Súdlike trochgong kaam mei de tiid it skiphûs fan it Steatejacht.
Op de Noardlike trochgong waard in monumintsje pleatst ta oantinken oan Tietsje, Anskje en Jantsje en op 10 novimber 1985 ûntbleate troch Hattum Hoekstra, soan fan Wiemer en Tietsje Hoekstra.
It monumintsje is adoptearre troch de bern fan IBS “It Kampke”.
(Klik hier voor de nederlandstalige versie van het verhaal over het bombardement.)
4 mei 2008